Software

FRYSK!

August 18 2015

Download FRYSK!

 

Stifting WFD (WFD Foundation) is working on a Frisian Draughts World Championship for 2018 – and thereafter, of course. The Frisian Draughts tournaments in Franeker / Frjentsjer (the latest was the 2015 Fryslân Open) prepare for the World Championship.

 

It’s now time to take the next step: a FRYSK! world championship in 2016. FRYSK! is virtually the same as Frisian Draughts, with the sole difference being that both players start with only five pieces each. FRYSK! is easier to learn and the games are faster, but it still has the same depth as the complex endgame in Frisian Draughts.

 

APP

 

There is now a separate app for FRYSK! The special thing about this app is that you will soon be able to use it to play live online against other players, either on your smartphone or tablet. The name of the app is FRYSK. The FRYSK app works in the same way as the Fries Dammen app. However, the possibility to play online is unique to the FRYSK app.

 

Your telephone or tablet will give a signal when it is your turn to play, so you do not need to watch the screen all the time. You can play at any time, against opponents from all over the world. You need not keep playing the game either – you can move when it suits you and the same applies to your opponent.

 

Naturally we want to develop the same flexibility for the Fries Dammen app, where players start with 20 pieces each. But that is no easy task. This is why we are starting with the FRYSK! variant, where players start with five pieces each.

 

The app is being developed in Prague by Marcel Nijman, who also built the successful Fries Dammen app.

 

APP testers

 

To make sure the app gets off to a good start, we need app testers. Do you have a tablet or smartphone? And do you have time in the next few weeks to play Frisian Draughts with five pieces as often as possible? In that case, we would like to invite you to become one of our FRYSK app testers.

 

If you are interested, please send us:

 

1) the e-mail address that you would like to use for your account

2) permission to share that e-mail address with Marcel Nijman exclusively for testing the FRYSK app.

 

Becoming an app tester for FRYSK is completely free of charge. When it goes live, we will also make the app available to you for free. This is also the ideal opportunity to train extensively for the first official FRYSK! world championship (five pieces against five pieces) that we intend to organize in March 2016.

 

More information is available and registration is possible by contacting:

 

Marten Walinga06-34561133 / martenwalinga@hotmail.com

Liuwe Westra0517-469245 / liuwe.westra@mensa.nl

 

We hope to hear from you soon. And enjoy your game!

 

 

De Stifting WFD stribbet nei in Wrâldkampioenskip Frysk Damjen yn it jier 2018 (en dêrnei fansels). De toernoaien Frysk damjen yn Frjentsjer (lêste kear: Fryslân Iepen 2015) wurkje nei dat wrâldkampioenskip ta.

 

No sette wy in folgjende stap: in wrâldkampioenskip FRYSK! yn 2016. FRYSK! is itselde spul as Frysk damjen, mar dan mei 5 houtsjes foar elke spiler. FRYSK! is makliker te learen, spilet flugger, en befettet dochs de folsleine djipgong fan it einspul fan it Fryske damjen.

 

App

Foar FRYSK! is der no in aparte app. It bysûndere fan de app is, dat it meikoarten mooglik wêze sil om online te Frysk damjen tsjin oare spilers op smartphone of iPad. De namme fan de app is FRYSK. FRYSK wurket yn prinsipe krekt as de app Fries Dammen, mar nij is de mooglikheid om online te striken.

 

De tillefoan of tablet jout it hieltiten oan wannear’t jo wer strike moatte, dus jo hoege net hieltyd nei it skerm te sjen. Jo kinne spylje op elk momint, mei tsjinstanners oeral op ’e wrâld. Jo hoege ek net by it spul te bliuwen: jo kinne sette, op it momint dat it jo útkomt - en itselde jildt foar de tsjinstanner.

 

Fansels wolle wy dy mooglikheid ek ûntwikkelje foar it Frysk damjen sels, mei 20 houtsjes, mar it is in hiele toer om soks te réalisearjen. Dêrom begjinne wy mei de fariant FRYSK! - dus 5 houtsjes tsjin 5 houtsjes.

 

De app wurdt ûntwikkele troch Marcel Nijman te Praach, de bouwer fan ’e súksesfolle app Fries Dammen.

 

APP testers

Om in goeie start te meitsjen mei de app, hawwe wy no ferlet fan apptesters. Hawwe jo in tablet of Smartphone? En hawwe jo it de kommende wiken oan tiid om gauris (wat ús oanbelanget: sa faak mooglik!) in potsje 5 tsjin 5 te spyljen? Jou jo dan op as apptester foar de app FRYSK.

 

Wy hawwe allinnich nedich:

1) it eameladres dat jo brûke wolle foar jo account;

2) jo tastimming om dat eameladres troch te jaan oan Marcel Nijman, inkeld en allinnich foar it pebearjen fan ’e app FRYSK.

 

Kosten binne der útsoarte net oan ferbûn as jo apptester wurde, en ek letter is de offisjele app fergees foar jo beskikber. Tagelyk krije jo de mooglikheid om yntinsyf te trenen foar it earste wrâldkampioenskip FRYSK! (dus: 5 tsjin 5) dat wy hâlde wolle yn maart 2016.

 

Mear witte of opjaan? Oppenearje jim by:

 

Marten Walinga 06-34561133 / martenwalinga@hotmail.com

Liuwe Westra0517-469245 / liuwe.westra@mensa.nl

 

Wy hoopje fan jim te hearren. En dan mar strike!